SC Hearrenfean wint fan AZ

24 sep 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat tiisdei mei 3-1 wûn fan AZ. Yn de Amstelcup-wedstriid tsjin de Alkmaarders moasten de Friezen winne om net no al in domper op it seizoen te krijen. Foppe de Haan wol noch ien kear mei syn ploech sa fier mooglik komme yn de beker.

AZ wie ôfrûne sneon noch te sterk foar Hearrenfean. De Friezen wiene no better en wûnen terjochte. Doelpunten wienen der fan Sibon, Selakovic en Correia. Yn de 68e minút skoarde Huysegems foar AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)