Miedloane wol net folboud wurde

23 sep 2003 - 00:00

Bewenners fan de Miedloane op 'e Westerein protestearje tsjin ferromming fan 'e bouregels yn harren strjitte. De gemeenterie fan Dantumadiel beslút oare wike oer de konseptnota 'Iepen Gatten'.

Wurdt dy oannommen, dan mei der mear boud wurde op iepen plakken. Dat sil it útsicht, it iepen karakter en de natuer bedjerre, sa fine de bewenners. Mei in hantekenaksje wolle se de gemeente derta oerhelje in útsûndering te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)