De gemeente Ljouwert wol in ûndergrûnsk jongereinsintrum oanlizze yn de wyk Camminghabuorren. It sintrum moat komme by wykgebou De Lieuwe, dat ek útwreide wurde moat mei in wykrestaurant, in dei-opfang fan âlden en in stipepunt foar soarch.
Boppedat wol de gemeente dêr in pear wenten bouwe foar minsken dy't in soad soarch nedich hawwe. Op 9 oktober presintearret wethâlder Hafkamp de plannen, by in wykkonferinsje.