Wake foar rommer generaal pardon

© Omrop Fryslân
By tal fan gemeentehuzen yn Fryslân is moandeitejûn in wake hâlden. Doel wie om in rommer generaal pardon foar útprosedearre asylsikers te krijen.
De Twadde Keamer praat tiisdei oer de nije regeling dy't minister Verdonk fan Frjemdlingesaken foarsteld hat. Gefolch is dat lanlik sawat 2200 asylsikers dy't al jierren yn in proseduere sitte, gjin ferbliuwsfergunning krije. Yn Fryslân giet it om inkelde tsientallen.