Rioel streamt skoalle Akkrum yn

23 sep 2003 - 00:00

De Boargemaster Thalensskoalle yn Akkrum hat moandeitejûn nei in stoartbui wetteroerlêst hân. It rioel koe de grutte massa reinwetter net sa hurd ferwurkje. It wetter kaam troch de húskes omheech en streamde mei de ynhâld fan it rioel de skoalle yn.

Op dat stuit wie der in gearkomste fan de âlderried. Dy setten gau kompjûters en oar weardefol guod omheech. De hiele nacht is wurke om it gebou droech te krijen. De bern binne tiisdei frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)