Atsma gjin foarsitter NOC-NSF

© Omrop Fryslân
Twadde-Keamerlid Joop Atsma (CDA) fan Surhústerfean wurdt net de nije foarsitter fan de sportkoepel NOC-NSF. Boargemaster Ruud Vreeman fan Zaanstad is foardroegen foar de funksje. Atsma wie troch de sportkoepel frege him kandidaat te stellen, tegearre mei Vreeman en VVD-Keamerlid Erica Terpstra.
De sportbûnen kieze de nije foarsitter op 21 oktober. Der kinne noch wol tsjin-kandidaten steld wurde.