Douma Staal yn Snits wreidet út

22 sep 2003 - 00:00

De útwreiding fan Douma Staal BV út Snits is moandei út ein set mei it slaan fan de earste peal. De magazynromte nimt dêrmei ta mei goed 7500 kante meter.

It stiel fan de gevel krijt in rustkleur wêrtroch't it gebou moai yn it lânskip past. De Snitser wolstânskommisje is dêr goed oer te sprekken. Douma Staal BV wol mei dizze útwreiding syn posysje fierder útbouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)