CDA-Fryslân wol oar asylbelied

© Omrop Fryslân
De lanlike CDA-fraksje moat it stânpunt oer it asylsikersbelied opnij besjen, sa fynt it CDA-Fryslân. It CDA liket no akkoart te gean mei it foarnimmen fan it kabinet om asylsikers in ferbliuws- status te jaan as se langer as fiif jier yn de earste proseduere sieten.
Yn it haadline-akkoart stiet lykwols: langer as fiif jier yn ien proseduere. CDA-Fryslân freget it lanlike CDA no it stânpunt oan it passen oan it haadline- akkoart.