AZ - Hearrenfean: 3-1

21 sep 2003 - 00:00

It slagge SC Hearrenfean sneon yn Alkmaar net om it AZ echt lestich te meitsjen. Ald-Hearrenfeanspiler Ali Elkhattabi iepene de skoare foar AZ nei 12 minuten. Richard Knopper makke gelyk, mar flak foar rêst skoarde Van Galen noch 2-1 út in penalty. Skiedsrjochter Wegereef joech de strafskop nei in handsbal fan Bakkati.

Yn 'e twadde helte makke AZ-oanfaller Perez der 3-1 fan, nei in ûngelokkige aksje fan Hearrenfean-keeper Vonk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)