Deade by ûngelok Dr. Kompanije

21 sep 2003 - 00:00

By in auto-ûngelok op de Klamersreed by Drachtster Kompanije is yn de nacht fan sneon op snein in man fan 26 jier út Boelensloane om it libben kaam. De man siet by in 32-jierrige ynwenner fan Surhústerfean yn de auto.

De twa riden yn de rjochting fan de Folgersterloane en botsten yn in bocht tsjin in beam oan. De bestjoerder fan de auto is mei ferwûningen nei it sikehûs yn Drachten brocht. De man út Boelensloane rekke fuortdaliks dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)