Gearkomste PvdA yn Drachten

20 sep 2003 - 00:00

De PvdA wol dat it kabinet him hâldt oan de ôfspraken dy't makke binne oer de Langmanjilden. Dat jild is bedoeld om de ekonomy yn it Noarden te stimulearjen.

Troch de foarnommen besunigingen fan it kabinet Balkenende wurdt de efterstân fan Fryslân allinnich mar grutter, sa waard sneon sein by de gewestlike neijiersgearkomste fan de PvdA yn Drachten. Nei de gearkomste waarden op strjitte reade roazen útdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)