3-jierrich jonkje ferdronken

© Omrop Fryslân
Op rekreaasjeterrein Bandsloot yn Bantegea is sneontemoarn in 3-jierrich jonkje ferdronken. It jonkje wie yn in bassin fan de wettersuvering fallen. Omstanners hellen him út it wetter en besochten him noch te reanimearjen.
Dat like yn earste ynstânsje te slagjen, mar yn de rin fan de moarn is it jonkje dochs ferstoarn yn sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean. Hoe't it ûngemak barre koe, is noch net folslein dúdlik.