Gjin keunstiis grêften Ljouwert

© Omrop Fryslân
Winters komt der gjin iis te lizzen op de stedsgrêften fan Ljouwert. It plan fan de gemeente is technysk wol helber, mar it is fierstente djoer. Dat docht bliken út ûndersyk fan TNO yn Delft. Om deselde reden komt der gjin keunstiisbaan op it Waachplein.
Ljouwert woe mei it keunstiis in grutte promoasjonele slach slaan. De gemeente hat lykwols krekt oankundige dat der flink besunige wurde moat.