Septimbernota: soad besunigingen

20 sep 2003 - 00:00

In grut tal organisaasjes yn Fryslân moat der rekken mei hâlde dat se fan 2004 ôf minder of gjin jild mear krije fan de provinsje. Dat stiet te lêzen yn de septimbernota. Sa reitsje bygelyks it Frysk Skriuwersboun en de Ried Fryske Beweging har subsydzje kwyt. De Fryske Miljeufederaasje en de doarpshuzen krije folle minder.

Saken dy't yn it ramt fan nij belied op mear rekkenje kinne, binne bygelyks it baggerwurk en ict-projekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)