Jonkje tsjin 't sin meinommen

20 sep 2003 - 00:00

In jonkje fan 12 jier is freed yn Bakhuzen tsjin 't sin meinaam troch syn heit. Neffens de plysje moat de reden dêrfoar socht wurde yn de relasjonele sfear.

De mem hat de foogdij oer it bern. Sy hat oanjefte dien by de plysje. Dy hat yntusken alarm slein by oare Fryske plysjekorpsen om út te sjen nei de auto mei de heit en de soan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)