Cambuur mei 2-4 ûnderút

20 sep 2003 - 00:00

De bliidskip oer de winst fan Cambuur foarige wike hat mar even duorre. Freed ferlearen de Ljouwerters yn Velsen mei 4-2 fan Stormvogels/Telstar. Nei 32 minuten stie Cambuur op in 0-2 foarsprong troch doelpunten fan Bölstler en Van Zundert. Mar noch foar it skoft hie Telstar wer gelyk makke.

It wie in wedstriid mei in soad gedraaf en legio kânsen. Mar ek in soad fouten. Trainer Dick de Boer neamde syn spilers mat en net motivearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)