Stutsen út 'psychyske need'

19 sep 2003 - 00:00

De man dy't moandei in kasjêre yn de Ljouwerter Frijheidswyk stutsen hat, woe omtinken freegje foar syn psychyske problemen. Dat hat de plysje freed bekendmakke.

De man hie earder ek al immen lestich fallen. Op snein hat hy in frou mei in bernewein op it Piet Kramerplein in klap ferkocht. De plysje wol graach mei har yn kontakt komme. De fertochte is tongersdei foarlaat oan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)