Dalje oer ekstraatsje

© Omrop Fryslân
In tafaller yn 'e gemeentekas soarge foar in lytse politike rel yn 'e gemeente Ljouwerteradiel. As iennige partij woe Gemeentebelangen it jild de minima ta hawwe as ekstraatsje.
Lykwols, CDA, FNP en kolleezjepartij PvdA seagen dêr neat yn. Sy foarmje de mearderheid en it jild wurdt no ûnder alle boargers ferdield. Elkenien yn 'e gemeente kriget 50 euro. Reitze Ketellapper fan Gemeentebelangen fynt it beslút ûnterjochte.