Untslaggen by Philips Drachten

© Omrop Fryslân
By Philips Drachten ferdwine foarearst 180 banen, sa hat de direksje tongersdei bekendmakke. Der wiene al langer geruchten oer in reorganisaasje by it skearapparatefabryk. Sa besifere de ûndernimmingsried twa wike lyn dat der twahûndert minsken út moatte.
Twongen ûntslaggen binne net út te sluten, neffens de direksje. Ek wurde tydlike kontrakten net ferlingd. Letter folgje nei alle gedachten mear ûntslaggen by Philips Drachten.