Drint yn saak-Lusanne frijlitten

18 sep 2003 - 00:00

De Drint út Tweede Exloërmond dy't moandei oppakt waard foar de ûntfiering fan Lusanne van der Gun, is woansdei wer frijlitten. Neffens de plysje is de rol dy't er yn 'e ûntfiering spile hat net swier genôch om him fêst te hâlden. Syn rol wurdt noch wol fierder ûndersocht.

De man út Drinte is in freon fan de 63-jierrige man út Ryptsjerk, dy't earder bekende Lusanne ûntfierd te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)