Ferpleechhûs yn Balk

© Omrop Fryslân
Balk kriget in ferpleeghûsdependânse mei plak foar 32 deminten. De nijbou komt neist fersoargingstehûs Talma Hiem en de bewenners kinne dan ek gebrûk meitsje fan 'e fassiliteiten fan it hûs.
Soarchgroep Plantein wol mei de dependânse minsken langer yn harren eigen omjouwing hâlde. Yn desimber set de bou út ein. Yn 'e takomst moatte der mear fan sokke lytse ferpleechhûzen yn de Súdwesthoeke komme.