Draaiend hotel yn gebrûk nommen

© Omrop Fryslân
Jo hotelkeamer 360 graden draaie, sadat je útsicht hawwe op de hiele omjouwing. Dat kin sûnt woansdei yn Harns. Op de Willemskade is in havenkraan omboud ta ienkeamerhotel. De kraan is eigendom fan ûndernimmer Gosse Beerda, dy 't earder de fjoertoer en de rêdingsboat yn Harns omboude ta hotel.
In oernachting yn it havenkraanhotel yn Harns is net goedkeap. Dy't dêr sliepe wol moat aardich ta de bûse, want in nachtsje kostet sawat 300 euro.