Opfang útprosedearre asylsikers

18 sep 2003 - 00:00

Yn Fryslân wurde 150 tot 200 útprosedearre asylsikers opfongen troch frijwilligers, tsjerken of oare sosiale ynstânsjes. Dat hat de Feriening fan Fryske Gemeenten fêststeld. De steat stipet de útprosedearren net want se moatte mar werom nei it heitelân. Yn 'e praktyk kin dat faak net en dus wurde de gemeenten mei it probleem opsadele. De gemeenten fine dat Frjemdelingesakeminister Verdonk gau mei in goeie regeling komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)