Afgaan oppakt yn saak Vaatstra

© Omrop Fryslân
De iennichst oerbleaune fertochte yn de moardsaak fan de 16-jierrige Marianne Vaatstra is yn Ingelân oppakt. It giet om de 23-jierrige Afgaanske asylsiker Mohammed Abkari, dy't krekt nei de moard spoarleas ferdwûn út it asylsikerssintrum yn Kollum.
De man hat him sels oanjûn yn Londen. Foar it Iepenbier Ministearje is it net mear as in fertochte. Der is yntusken DNA ôfnaam fan de fertochte. De útslach wurdt oer oardel wike bekend.