Van Loon nei WK skeelerjen

17 sep 2003 - 00:00

Jan van Loon út Haule is ien fan de fjouwer Nederlânske dielnimmers op it wrâldkampioenskip skeelerjen yn Venezuela. Hy hat syn dielname te tankjen oan de goede prestaasjes op it Europeesk kampioenskip yn Itaalje.

Njonken Jan van Loon dogge ek Arjan Smit, Ingmar Berga en Roy Boeve mei oan it WK yn Súd-Amearika. It kampioenskip wurdt hâlden fan 2 oant en mei 9 novimber.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)