Nij fleisferwurkjend bedriuw

17 sep 2003 - 00:00

Yn Makkum iepenet fleisferwurker Visser meikoarten in nij bedriuw. Friesland Beef ferwurket earst 200 kij en 100 keallen, letter wurde dat mear. Yn it bedriuw wurdt net slachte, der is gjin fergunning foar. De bisten wurde yn Amsterdam slachte.

Yn Makkum wurdt it fleis fan de bonken helle en ferwurke ta fleis foar konsumpsje. In part fan de minsken dy't wurke ha by it fallite Brada út Ljouwert kin by Friesland Beef telâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)