Jild foar ûndersyk akwadukten

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt 150.000 euro beskikber foar ûndersyk nei de oanlis fan de akwadukten Jeltesleat, Galamadammen en Wâldsein. Fan dat jild sil ûndersyk dien wurde nei de grûnsoart op de boulokaasjes.
Lit de grûn hast gjin wetter troch, dan kin der flink besparre wurde op de oanliskosten. De akwadukten binne ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt. Dat projekt moat yn 2010 klear wêze.