CDA Fryslân is lilk oer plannen

© Omrop Fryslân
CDA Fryslân is net te sprekken oer de gefolgen fan de besunigingen foar it Noarden. Fral oer de oantaasting fan de ôfspraken út it Langman-akkoart is de partij lilk. Foarsitter Visser ropt de provinsjale bestjoerders op stelling te nimmen tsjin dizze maatregels fan it kabinet.
CDA Fryslân sil de Twadde Keamerleden yn de CDA-fraksje oansprekke op de maatregels fan har partij dy't mei de VVD en D66 it kabinet foarmje.