Ljouwerters oer har stêd: 5,4

17 sep 2003 - 00:00

Ljouwerters binne net sa tefreden oer it funksjonearjen fan de gemeente. Dat komt út in ûndersyk dat hâlden is ûnder 27 wyk- en doarpspanels. De gemeente krijt in 5,4 as rapportsifer.

De ynwenners binne fral ûntefreden oer de wize wêrop't Ljouwert omgiet mei it hâlden fan tafersjoch en hanthaving. Ek fine se dat der te min belied is oer wurkgelegenheid. De evaluaasje wurdt brûkt by in provinsjaal ûndersyk nei de bestjoerskwaliteiten fan gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)