Benaud foar stjonkerij St. Nyk
Undernimmers fan bedriuweterreinen yn Sint Nyk binne benaud foar stjonkerij. De oerlêst soe feroarsake wurde troch ôffalferwurker De Jong fan Finkebuorren dy't nei Sint Nyk komt. It bedriuw makket feefoer.
De provinsje hat in miljeufergunning ôfjûn. Neffens de wethâlder sil de oerlêst tafalle. De ûndernimmers komme woansdei by elkoar om in beswierskrift tsjin de miljeufergunning te ûndertekenjen.