Achtkarspelen past dûsjes oan

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen past de dûsjes yn sporthallen en gymnastyklokalen oan om legionellabesmetting foar te kommen. De liedings wurde isolearre en yn guon gefallen wurde boilers ferfongen troch geisers. Trije sporthallen en alve gymnastyklokalen wurde foar takom simmer op dy wize oanpakt.
As alles klear is, moat de kâns op besmetting mei legionella sa goed as útsletten wêze. De totale kosten binne 240.000 euro.