Ein stipe dakleaze asylsikers

16 sep 2003 - 00:00

Smellingerlân hâldt takom jier op mei it stypjen fan de stichting Noodhulp Dakloze Vreemdelingen. Wethâlder Beerda hat dat moandei bekend makke yn in riedskommisje. De stichting fersoarget it libbensûnderhâld fan 21 dakleaze asylsikers yn de gemeente.

Neffens Beerda binne de flechtlingen útprosedearre en moatte se werom nei har eigen lân. De riedskomisje is it net iens mei it kolleezje en komt meikoarten mei alternativen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)