VMBO krijt ien gebou yn Drachten

16 sep 2003 - 00:00

Learlingen fan it VMBO yn Drachten kinne fan 2005 ôf allegear nei ien lokaasje. No moatte se, ôfhinklik fan it nivo dat se kieze, nei trije aparte gebouwen. It foardiel fan ien gebou is dat learlingen makliker oerstappe kinne fan it iene nivo nei it oare.

De leararen fan de trije lokaasjes ha moandei al it bouterrein fan de nije lokaasje oan de Van Haersmasingel yn Drachten besjoen. De bou fan it nije gebou begjint yn oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)