Swimbaden skoare min

15 sep 2003 - 00:00

De swimbaden De Stiennen Flier op De Jouwer en De Welle yn Drachten komme beide min út in test fan de ANWB. Dy hat ûndersyk dien yn 25 swimparadizen.

It swimbad op De Jouwer hellet it rapportsifer fiif, dat fan Drachten docht it mei in fjouwer noch minder. Benammen it tafersjoch troch de badmasters soe tekoart sjitte. Ek de flierren fan beide swimbaden soene te glêd weze. Ek in soad oare baden yn Nederlân skoare min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)