Partijen akkoart mei ATF-rapport

15 sep 2003 - 00:00

De steatefraksjes fan SP en Christen Unie/SGP geane der mei akkoart dat se it ûndersyksrapport oer de ATF-brân net ynsjen meie. Dat woene se graach, mar neffens justysje soe dat it rjochterlik ûndersyk yn gefaar bringe.

It rapport wurdt brûkt by it proses tsjin trije liedingjaanden fan it bedriuw. It provinsjebestjoer mocht it rapport wol ynsjen. Dat konkludearre dêrnei dat de oarsaak fan de brân benammen by ATF sels leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)