Kassjêre delstutsen

© Omrop Fryslân
By in stekpartij moandei yn de C1000 yn Ljouwerter Frijheidswyk is in kassjêre ferwûne rekke. Se waard neffens tsjûgen mei in skroevedraaier stutsen troch in man dy't ûnder ynfloed wie fan drugs.
It slagge klanten om de man út de winkel te krijen. De plysje hat yn de rin fan de middei de fermoedlike dieder oanholden. De Frijheidswyk wurdt de lêste moannen geregeld opskrikt troch geweld. Ein augustus wie der noch in sjitpartij op it Piet Kramerplein.