Den Breejen wint yn Marssum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Arie den Breejen mei Simon Minnesma en Kor Zittema hat snein de lêste frije formaasje wedstriid fan dit seizoen mei 5-2 en 6-4 wûn. Den Breejen waard yn Marssum ta kening útroppen.
Yn de finale moasten se keatse tsjin it partoer fan Rutmer van der Meer mei Henk Vlietstra en Taeke Triemstra. Earder dy dei moast PC-kening Johannes Dijkstra opjaan nei't er útgliden wie oer in keatswant dy't op it fjild lei.