Gjin rekord foar Van Tuinen c.s.

© Omrop Fryslân
It is Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar snein yn Marssum net slagge it rekord fan 41 wûne partijen benei te kommen. Dat rekord stiet op namme fan Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma.
Pieter van Tuinen c.s. bleaune op de lêste frije formaasjepartij fan dit jier stykjen op 40 winstpartijen. Yn de twadde omloop ferlearen se fan de lettere finalisten Rutmer van der Meer c.s. Van Tuinen hâldt der no mei op.