Iepen Monumintedei oer pleatsen

© Omrop Fryslân
Dit wykein wie it foar de 17de kear Iepen Monumintedei. Yn tal fan gemeenten binne monuminten dy't oars net maklik tagonklik binne, iepensteld foar publyk. It tema fan dit jier wie 'boerenbouw'. Dat hinget ek wer gear mei it feit dat it dit jier it jier fan de buorkerij is.
Yn Fryslân dogge 16 gemeenten mei, de measten allinnich op sneon. In protte omtinken is der foar it lanlik gebiet, de agraryske boukeunst yn it bysûnder.