Haiku-festival yn Ljouwert

13 sep 2003 - 00:00

Ljouwert hie sneon de premjêre fan in haiku-festival. Sawat 15 dichters út ûnder oaren Japan, Italië, Bosnië, Kroatië en Nederlân droegen yn de Prinsetún harren haiku foar. It festival is in persoanlik inisjatyf fan in yn Ljouwert wenjende Kroaat en krijt mooglik in ferfolch.

In haiku is in koart gedicht, dat santjin wurdlidden hat ferdield oer trije rigels. In haiku moat minksen oansette ta neitinken en meditaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)