Koart nijs

13 sep 2003 - 00:00

It nije fytspaad by de Swadde ûnder Bûtenpost moat in ferbining krije mei de bosk yn Feankleaster. Dat sei wethâlder Van de Ploeg freed by de iepening fan de rûte fan trije kilometer. De oanlis koste 117.000 euro.

De brânwacht is sneon in pear kear belle oer in sirene dy't yn Ljouwert heard wie. Der wie lykwols neat te rêden. Fanwegen in aksje ried yn Suderbuorren in auto mei sirene troch de buert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)