Sjauffeur Dykstra werom

13 sep 2003 - 00:00

Sjauffeur Douwe Dykstra fan Twizel is sneon yn Assen oankaam, nei syn reis nei Irak. Dykstra wie sjauffeur fan in Drints transport mei helpguod, dat yn augustus ôfreizge nei Irak. De reis wie net sûnder gefaar, en offisjele ynstânsjes hiene it de helpferlieners ek noch ôfret.

Dykstra hat sein dat er op koarte termyn wol wer nei Irak wol, at de sitewaasje yn it lân dat talit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)