Partij v/h Noorden yn reklame

13 sep 2003 - 00:00

De Partij voor het Noorden makket dizze moanne reklame op televyzje. Dat bart yn de stjoertiid foar politike partijen. De Onafhankelijke Senaatsfractie, dat mei in sit yn de Earste Keamer rjocht op stjoertiid hat, hat dat mooglik makke.

De OSF is in gearwurking fan regionale partijen, wêrûnder de FNP en de Partij voor het Noorden. Yn de reklamespot is omtinken foar de ekonomyske mooglikheden yn it Noarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)