Minder jild foar natueroankeap

13 sep 2003 - 00:00

Fryslân liket minder jild fan it ryk te krijen foar de oankeap fan natuer. By it kabinet Balkenende I is de oankeap in skoft stillein. Fral it ROM-projekt yn Súd-East Fryslân waard dêr de dupe fan.

De ferdieling fan it jild by Balkenende II liket min út te pakken foar it Noarden. Steatsboskbehear rekkent der op dat de trije noardlike provinsjes har ynsette om mear jild los te krijen om fan boerelân natuer te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)