Oosterhuis: assistint betelje

12 sep 2003 - 00:00

Steatelid Oosterhuis fan de Onafhankelijke Statenfractie moat syn âlde fraksje-assistint fan de LPF wer yn tsjinst nimme. Dat hat de kantonrjochter freedtemiddei bepaald.

De fraksje-assistint krige dien nei't Oosterhuis út de LPF stapte en fierder gong as ûnôfhinklik steatelid. De rjochter hat fierder bepaald dat it efterstallige salaris fan de fraksje- assistint útbetelle wurde moat. It giet om in twangsom fan 500 euro deis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)