Foppe de Haan kriget Sportaward

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean-trainer Foppe de Haan hat fan de sportkoepel NOC/NSF de saneamde Sportaward krigen. De trainer krige de priis freedtemiddei omdat er him fertsjinstlik makke hat foar de sport yn Noard-Nederlân.
De priis, twatûzen euro, wurdt troch De Haan skonken oan it keatsbûn KNKB. De Haan fynt dat it keatsen bestean bliuwe moat. It keatsbûn docht neffens him ek in soad op it mêd fan nije ûntwikkelingen, bygelyks foar de jeugd.