D66: opheldering bombardeminten

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamerfraksje fan D66 wol fan de regearing opheldering oer bombardeminten dy't Ljouwerter F16 fleantugen yn febrewaris boppe Afganistan útfierd ha. Neffens in Amearikaanske sjoernaliste binne by de gefjochten boargerslachtoffers fallen.
Sy sei dit freedtemoarn yn in VPRO radioprogramma. De bombardeminten wiene neffens it ministearje fan Definsje rjochte op it útskeakeljen fan de Taliban en Al Quaidastriders.