Brân yn âlde Mavo op De Jouwer

© Omrop Fryslân
Yn de âlde Mavo oan de Hurddraversdyk op De Jouwer hat freedtemoarn brân west. It fjoer is ûntstien oan de efterside fan it gebou. De brânwacht kaam mei twa auto's yn aksje. In pear wc's en in part fan it dak fan de skoalle is troch de brân ferlern gongen.
Ek hat it gebou wetterskea oprûn. Yn de skoalle binne op it stuit keunstners ûnderbrocht. Har ateliers binne net troffen troch de brân. It fjoer is nei alle gedachten oanstutsen.