Nijpels: hokker boargemaster?

12 sep 2003 - 00:00

Kommissaris Nijpels hat him tongersdei persoanlik op 'e hichte steld fan de winsken dy't de gemeente Ljouwert hat foar in nije boargemaster. Nijpels stelde de ried tsien fragen om sa dúdlik te krijen hokker kandidaten geskikt binne as opfolger foar Margreeth de Boer yn 2004.

De Ljouwerters binne op syk nei in 'doener' mei kontakten yn Nederlân en Brussel. Der is no al in soad ynteresse foar de fakatuere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)