'Roekiman kin sitten bliuwe'
It Ljouwerter riedslid André Roekiman fan PAL/GrienLinks kin gewoan as riedslid sitten bliuwe. Roekiman kaam yn it nijs om't der op syn wurk by de gemeente Hearrenfean in ûndersyk geande is nei ûnregelmjittichheden dêr't hy ferantwurdlik foar wêze soe. Sa lang dat rint, hat de gemeente It Fean him fan syn taak ûntheven.
Roekiman sil syn riedswurk wol beheine om mear tiid te besteegjen oan syn problemen.